Auto's yn 'e slip troch modder op de dyk by Pitersbierrum

28 okt 2015 - 10:13

Op de Hearewei by Pitersbierrum binne woansdeitemoarn betiid twa auto's fan de dyk rekke, nei alle gedachten om't der modder op de dyk lei. Ien auto skeat oer in sleat en kaam oan de oare kant yn de greide telâne. Dêr botste de auto tsjin in betonnen râne. In twadde auto rekke ek fan de dyk en botste tsjin in beam.

Beide auto's rekken swier skansearre. De earste bestjoerder kaam mei de skrik frij, de twadde moast yn sân hasten nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan de ûngelokken. De provinsje hat de dyk skjinmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)