Learlingen kbs De Reinbôge krije boek oer fairtrade útrikt

28 okt 2015 - 08:21

De learlingen fan groep 8 fan kbs De Reinbôge yn Burgum krije woansdeitemoarn it boek 'De droom van Ama' útrikt. De bern hawwe yn septimber holpen mei de foarmjouwing fan it boek. Mar it ferhaal út it boek kin ek brûkt wurde as lesmateriaal. 'De droom van Ama' giet oer fairtrade.

It ferhaal kin helpe om bern út te lizzen wat fairtradehannel is en wêrom as it wichtich is earlike produkten te keapjen. De skriuwster fan it boek, Baukelien Koopmans, is fairtrademeiwurkster by de gemeente Tytsjerksteradiel.

Dizze gemeente is ek in fairtradegemeente, lykas dat De Reinbôge in fairtradeskoalle is. Alle skoallen yn de provinsje krije in eksimplaar fan it boek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)