Drachtster winkeldief trappearre yn Grinslân

28 okt 2015 - 07:40

In 39-jierrige winkeldief út Drachten is tiisdeitejûn yn syn wenplak oanhâlden. De man hie in tas fol stellen guod by him. Hy hie dat earder op de dei meinaam út in winkel oan de Samuel Leviestrjitte yn De Like.

De man is meinaam nei it plysjeburo yn Grins. Hy sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten winkeldief De Like
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)