Wetterskip heget diken en kaden op by De Trije Pôlen Snits

28 okt 2015 - 07:23

Wetterskip Fryslân wurket hurd om de diken op te heegjen by De Trije Pôlen by Snits. Dizze wurksumheden binne ûnderdiel fan in gigantysk projekt om der foar te soargjen dat we yn Fryslân de fuotten droech hâlde. Yn 2012 hold de dyk it amper en dêrmei waard dúdlik dat der faasje makke wurde moast mei it wurk oan de Fryske kaden en diken.

Yn Fryslân moat 1200 km fan de yn totaal 3200 km oan diken ferstevige wurde. Dizze wurksumheden binne no foar twatredde útfierd. Yn 2027 moat it wurk hielendal ree wêze.

By De Trije Pôlen by Snits wurdt de kade heger, der wurdt in natuerfreonlike wâlskant makke en de bocht yn it kanaal wurdt ferbrede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)