Aaipop mei bûtenpoadium

07 apr 2012 - 14:29

Aaipop hat foar it 25-jierrich jubileum foar it earst in bûtenpoadium opsteld. It Frysktalige muzykfestival op peaskemoandei hat subsydzje oanfrege om mei it jubileum wat grutter útpakke te kinnen as oars. Der is ek in jubileumkrante en in útstalling by Tresoar.

Die Twa trede peaskemoandei foar it earst op mei in folsleine band. De Hûnekop en Piter Wilkens binne ek wer fan de partij en Bombarje jout in reünyoptreden. It festival is yn it doarp Nijlân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)