Provinsje stekt sân ton yn oplossen otterknyppunten

27 okt 2015 - 17:52

De provinsje stekt goed 700-tûzen euro yn it oplossen fan otterknyppunten op Fryske provinsjale diken. It giet om plakken dêr't otters de ôfrûne tiid deariden binne oft dêr't it risiko dat soks barre sil, grut is.

Mei-inoar binne der sawat tweintich plakken dy't oandacht freegje. Trije dêrfan moatte binnen de kommende trije jier oanpakt wurde. Sa komme der ûnder oare buizen ûnder de dyk troch en wurde der stekken delset. Neist de provinsje sille ek it Ryk en de gemeenten gefaarlike punten foar otters oanpakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)