58 ynstjoerings Liet-festival

02 okt 2003 - 00:00

Der binne 58 ynstjoerings foar it Liet- festival op 22 novimber yn de Harmonie yn Ljouwert. De sjuery is no dwaande om út de ynstjoerings tsien finalisten te kiezen. Der is in grut ferskaat oan sjenres, sa binne der pianoballads by, mar ek boogie-rock bijdragen.

De dielnimmers oan Liet Ynternasjonaal op 23 novimber binne gruttendiels bekend. Der komme artysten út Friûlië, Oksitanië, Kataloanië, it Samelân, Cornwall, it Sorbelân en Galisië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)