Oerolfestival op Skylge krijt dochs subsydzje fan it ryk

27 okt 2015 - 16:51

De Twadde Keamer wol dat it Oerolfestival op Skylge dochs subsydzje krijt. In keamermearderheid stimde tiisdeitemiddei foar in finansjele bydrage fan 2,5 ton.

In pear moanne lyn waard noch tsjin ekstra jild foar Oerol stimd. It regear hat yntusken foar de perioade 2017-2020 in bedrach fan 2,6 miljoen euro ekstra tasein foar festivals. De Twadde Keamer wol dat Oerol dêr ek wat fan kriget. It ekstra jild foar Oerol giet wol fan it jild ôf foar oare festivals, wêrûnder in festival op Flylân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)