Nije oanpak baanbemiddeling foar âlderein en siken

27 okt 2015 - 16:29

De provinsje moat omtinken hâlde foar minsken dy't dreech oan in baan komme. Dat fynt de PvdA yn provinsjale steaten. It giet dan om bygelyks húsfroulju mei in útkearing, groanysk sike jongeren of fyftichplussers dy't foar in part ôfkard binne. Begjin dit jier is in koördinaasjepunt oprjochte dat dêrmei oan de slach moat. Yn it koördinaasjepunt wurkje gemeenten, sosjale wurkfoarsjennings en it UWV gear.

De PvdA wol fan deputearre Schrier witte hoe't it dermei stiet en oft al minsken in baan fûn hawwe mei de nije oanpak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)