Brûns foar Marit Bouwmeester

© Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester út Warten hat sneon it brûns pakt by it wrâldbekersilen op Mallorca. Dêrmei toande de Wartenster topsylster foarmbehâld foar de Olympyske Spelen en is se wis fan dielname yn Londen yn de Laser Radial-klasse.
Yn de ôfslutende medaljerace einige Bouwmeester sneon op it twadde plak efter har grutte konkurrinte Evi van Acker út België. Van Acker waard dêrmei twadde yn it einklassemint. De winst gong nei de Spaanse Alicia Cebrial.