Epke Zonderland leaut yn dielname Olympyske Spelen

27 okt 2015 - 13:18

Hoewol't turner Epke Zonderland moandeitejûn yn Glasgow útskeakele is foar de WK-tastelfinale op 'e rekstôk, achtet er de kâns op dielname oan de Olympyske Spelen noch frij grut. Pleatsing dêrfoar sil dan barre moatte op it Olympyske kwalifikaasjetoernoai yn Rio de Janeiro, yn april takom jier.

As Nederlân op dat toernoai by de earste fjouwer lannen einiget, dan is pleatsing in feit. Mar ek al slagget dat net, dan mei Nederlân ien turner nei de Olympyske Spelen ôffurdigje. Epke Zonderland soe dan de belangrykste kandidaat dêrfoar wêze.

Zonderland helle moandei de WK-finale op 'e rekstôk dus net. Dat kaam foaral troch in minne tarieding. Troch in harsenskodding koe er wikenlang net traine. Syn skoare fan 14.300 bleau fier efter by dy fan syn beide wrâldtitels yn Antwerpen 2013 (16.000), Nanning 2014 (16.225) en de Olympyske Spelen fan London 2012 (16.533).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)