Flylân útroppen ta Nederlânske Hannelshaadstêd 2015

27 okt 2015 - 11:19
  • De fjoertoer fan Flylân

Flylân is dit jier útroppen ta Hannelshaadstêd fan 2015. It eilân krijt de titel om't it it heechste persintaazje ynwenners hat dat aktyf is op hannelswebside Marktplaats. Sa'n 38% fan alle Flylanners hat it ôfrûne jier wat ferhannele op Marktplaats. Dêrmei lit Flylân Skiermûntseach (33%) en de Drintske gemeente Aa en Hunze (32%) efter him.

Guod dat it meast ferhannele wurdt op de webside binne iPhones, de playstation 4 en borduerguod. Yn it ferline gong de titel Hannelshaadstêd ek alris nei Langelille, Bad Nieuweschans en Tienhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)