Massaal guod brocht by ynsammelpunt Reade Krús Ljouwert

27 okt 2015 - 10:43
  • In frijwillichster mei winterjassen

Grutte drokte by it ynsammelpunt fan it Reade Krús op de James Wattstrjitte nûmer 4 yn Ljouwert. In protte minsken bringe dêr guod hinne foar de flechtlingen. Auto's ride efter inoar oan it terrein op.

It Reade Krús hat oanjûn dat der ferlet is fan waarme winterklean foar jong en âld en fan boartersguod foar de bern, en in protte minsken hawwe gehoar jûn oan dy oprop. It guod giet earst nei it distribúsjesintrum yn Drachten, en fan dêr út nei ferskate opfanglokaasjes yn it hiele lân.

De frijwilligers fan it Reade Krús stean tiisdei oant 17.00 oere klear om it brochte guod yn ûntfangst te nimmen, mar it ynsammelpunt is ek de rest fan de wike gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)