Kollum: "Myn ynderlike krokodil"

27 okt 2015 - 08:58
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Schoorstra hat krekt in roman oer Grutte Pier útbrocht. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Alles dat ik oan foarwerpen fan krokodillelear fine kin, skarrelje ik byinoar. Dat falt noch net ta, want Friezen blike gjin grutte krokodillelearleafhawwers te wêzen. Oant no ta ha ik ien stel âlde learzen op ’e kop tikke. Mar ik gok derop dat ik ek noch wol in ferdwaalde tas en in riem besette kin. No hear ik jim tinken, as wie ik Uri Geller himsels: wat moatsto mei spul fan krokodillelear, bêste jonge? No, dat sit sa.

It blykt dat krokodillen mei ien each iepen sliepe kinne. In part fan de harsens bliuwt dêrtroch aktyf en alert, en toch rêste se tagelyk út. Dat liket my no ideaal. Datst nachts mei ien each ticht lekker sliepst, en mei it oare alle films en boeken ta dy nimme kinst, dêr’tst oars fan syn levensdagen net oan takomst. Want men hat struktureel tiid te min om alles by te hâlden. Searjes, films, opinystikken, literatuer yn soarten en maten. Allinne dat lêste kin men al in minskelibben mei beset wêze. En as ik sis literatuer, bedoel ik papieren boeken, foar it goeie begryp. Want wat dat oangiet bin ik krekt sa’n dinosauriër as de krokodil: ik hâld fan it âlderwetse papieren boek, en net fan de elektroanyske ferzy. En sa’t it giet as men ergens fan hâldt: dan docht men soms stomme en ûnnoazele dingen. Lykas dy seldsume kear dat ik de boekekast opromje soe. Nei in hiele middei stinnen en krimmenearjen hie ik úteinlik ien boek útkeazen dat fuort koe. Echt folle romte smiet it net op, mar ik fûn dat ik myn bêst dien hie. Ik brocht it nei de kringloopwinkel. Om it trije dagen letter wer foar €1,50,- werom te keapjen. It geloksgefoel doe’t it wer op syn plakje stie, wie amper te bedjipjen. Dy rêch fol tearen. Dy kofjeflek op side 32, dy’t ek al in bytsje los begûn te litten.

Dat is ek in aspekt fan papieren boeken dat it boppe de keale en perfekte elektroanyske fariant úttilt: se libje, wurde âlder, krekt as de eigners. Se ferkleurje, der komme tearen en fâlden yn, hjir en dêr begjinne se útinoar te fallen. Se binne ymperfekt. Hiel wat oars as it noait feroarjende, kâlde en ûnoantaastber perfekte e-boek. Dat is net echt, it is in ôfspegeling fan echt, in hologram. En ja, sa as alles dat perfekt is hat it allinne mar foardielen. It hat gjin gewicht, it nimt gjin plak yn: men kin alle boeken fan de weareld yn de palm fan de hân hâlde. It hat allegear handige features en trochlink mooglikheden dy’t it papieren boek net hat. Mar, minsken, it is net allinne dea, it is ek like saai as in petear yn de Twadde Keamer oer de ynfierrjochten fan nagelskjirkes út Sina.

Mar hat dat libbene, ymperfekte papieren boek dan gjin foardielen? Om de soademiter wol! Yn it foarste plak is in moai foarmjûn boek in keunstwurk. De foar- en achterkant, de kleuren, de soart papier dy’t brûkt wurdt, it lettertype. In mei soarch útjûn boek is in lust foar it each en de siel. Boppedat hat it gjin akku dy’t leech rekket. It is ek better foar it geheugen, sa docht bliken út ûndersyk. Studinten ûnthâlde ynformaasje út in papieren boek better as de pixel-ynformaasje fan in tablet of e-reader. Krekt as dat lêzers de plot fan in roman better ûnthâlde as it fan papier lêzen wurdt. Noch in pear? In boek is in machtich kado om te jaan, ynklusyf in persoanlik boadskip, bygelyks. Huzen binne nofliker en estetysker as der boeken yn steane, op planken of yn kasten. It papieren boek is ek in goeie remeedzje ast jûns net yn ’e sliep komme kinst. En dan bedoel ik net dat ien dy dêrmei op ’e kop huffe moat, mar dat it lêzen derfan dy ûntspant omdat it it sliephormoan melatonine oanmakket, in hormoan dat troch de e-reader krekt ôfbrutsen wurdt. Men kin se sammelje, se kinne seldsum wurde, noch sawat. Sels hâld ik bot fan it fysike aspekt: it foar de earste kear iepenslaan derfan, it risseljen fan de siden, de geur.

Soks, dus. Mar no bin ik op ’e syk nei spullen fan krokodillelear. Dy wol ik meinimme op bêd, om op dy wize myn ynderlike krokodil op te roppen. Sadat ik mei ien each iepen sliepe kin. En tagelyk al dat moais ta my nimme." 

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)