Multyfunksjonele pop-up wenning yn Drachtster wyk De Bouwen

27 okt 2015 - 08:41
  • Inisjatyfnimmer Siepy van Klaarbergen foar de pop-up wenning yn Drachten
  • Siepy van Klaarbergen en Antje Douwsma tusken de skilderijen yn de pop-up wenning

Bewenners fan de Drachtster wenwyk De Bouwen hawwe in eigen pop-up wenning. Dizze multyfunksjonele romte kinne se brûke foar allegearre aktiviteiten yn de wyk. Sa sil in groep wykbewenners hjir de kommende tiid eksposearje. 

De pop-up wenning is beskikber steld troch ferhierder Woon Friesland. It hûs sil takom jier juny sloopt wurde. De sloop makket diel út fan in grutte renovaasje fan de foaroarlochske wyk. Dy rint al in tal jierren. Sa is al in grut tal wenningen sloopt en werboud. Yn de wyk wenje goed 3300 minsken. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)