Ljouwerter delstutsen yn sintrum fan de stêd

27 okt 2015 - 06:06

In 25-jierrige Ljouwerter is moandeitejûn delstutsen op de Nijstêd yn syn wenplak. It slachtoffer is meardere kearen yn syn boppeliif stutsen. Hy is nei it sikehûs brocht.

De plysje waard alarmearre foar in melding fan in fjochtpartij tusken twa minsken. Doe't se te plak kamen, hawwe se de Ljouwerter fûn. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint, dat efkes foar middernacht plakfûn.

Sjoch hjir foar it facebookberjocht fan de plysje Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)