Piersma begeliedt Willem-Alexander by Sineeske waad

26 okt 2015 - 22:01

Biolooch Theunis Piersma fan Gaast begeliedt woansdei kening Willem-Alexander op syn besite oan it Sineeske waad. Dêr sil de Sineeske oerheid in konvenant ûndertekenje mei it Wereld Natuurfonds, wêryn't Sina belooft om de natoer by in tredde diel fan de kust del better te beskermjen. Dy oerienkomst kin in grut ferskil meitsje foar de bedrige trekfûgelpopulaasjes yn it lân.

De keninklike besite oan it Sineeske waad makket diel út fan de steatsbesite oan Sina. Dy duorret noch oant tongersdei.

It is noch net dúdlik oft keninginne Máksima ek meigiet nei it waadgebiet. It soe earst al, mar se hat lêst fan in nierbekkenûntstekking. Dêrtroch hat se al ferskate ûnderdielen fan it programma misse moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)