FIDEO: Fryske help yn Nepal, diel 1

26 okt 2015 - 18:29
  • Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn Nepal

In healjier lyn waard Nepal troffen troch in tige swiere ierdbeving. Mear as achttûzen minsken kamen dêrby om it libben en hûnderttûzenen rekken ferwûne. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizge mei de Fryske helporganisaasje Stichting Studenten en Musahar project Nepal, SMPN nei Nepal om te sjen hoe't de situaasje no is. Hy wie as ien fan de earste sjoernalisten fan de wrâld yn it episintrum fan it ierdbevingsgebiet yn Nepal. 

Dizze wike yn Bynt, omropfryslan.nl en de omrop-app alle dagen in reportaazje. Yn de earste ôflevering haadstêd Kathmandu en de doarpen dêr't de jeeps fan de helpferlieners net komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)