Berop op Earste Keamer foar selsstannich Omrop Fryslân

26 okt 2015 - 15:56
  • In eardere aksje by it provinsjehûs foar selsstannich Omrop Fryslân

Fryske organisaasjes dogge in berop op de Earste Keamer om derfoar te soargjen dat Omrop Fryslân selsstannich bliuwt. De Earste Keamer stimt ynkoarten oer de nije mediawet. Omrop Fryslân soe dan opgean yn ien grute organisaasje foar de regionale omrop.

De Ried fan de Fryske Beweging, it Europeesk Buro foar Lytse Talen en de Freonen fan Omrop Fryslân fiere dêr aksje tsjin. Yn in brief freegje se de fraksjes fan de Earste Keamer om steatssekretaris Dekker op te dragen mei de provinsje te praten oer in selsstannich Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)