Frou fjochtet troch yn PGB-saak ta de lêste mooglikheid

26 okt 2015 - 15:21
  • Justysje

De frou út Frjentsjer dy't in skeel hat mei de Sosjale Fersekeringsbank, stapt nei de Hege Ried om gelyk te heljen. De frou soarget foar in dôve frou en wurdt dêrfoar betelle mei PGB-jild fan de dôve frou. Mar se krige te let útbetelle, wêrtroch't se yn de problemen kaam.

De rjochter stelde de frou yn it gelyk. Se ferlear yn heger berop en giet no yn kassaasje. As se dêr ek ferliest, draait se sels foar de juridyske kosten op. Omdat se dat jild net hat, besiket se it mei in publyksaksje byelkoar te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)