Foppe de Haan hopet dat oare bestjoersleden ek opstappe

26 okt 2015 - 15:11

Ynterim-trainer Foppe de Haan fan SC Hearrenfean neamt it beslút fan foarsitter Jelko van der Wiel om op te stappen "dapper". De Haan hat yn de ôfrune wiken tegearre mei âld-foarsitter Riemer van der Velde besocht om de ferhâlding tusken beide partijen yn it bestjoer te ferbetterjen. Dat is dus net slagge.

De Haan, dy't sûnt it opstappen fan trainer Dwight Lodeweges as ynterim-trainer by de klup wurket, fynt it foar Hearrenfean it bêste dat Van der Wiel opstapt. Hy hopet dat de oare bestjoersleden no ek opstappe sille.

Op dy wize kinne se yn it Abe Lenstra Stadion op 'e nij begjinne.

De seleksje fan SC Hearrenfean hat Van der Wiel in applaus jûn doe't er fertelde dat er opstapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)