Geheime ôfspraak bankoername

De Friesland Bank hat him begjin ferline jier al mei hannen en fuotten bûn oan de Rabobank. Dat meldt it Financieel Dagblad sneon yn in rekonstruksje fan de oername troch de Rabobank.
De Friesland Bank soe maaitiid 2011 in geheime oerienkomst mei de Rabobank sletten hawwe. De Rabobank soe boarch stean foar 750 miljoen euro, foar it gefal dat de Friesland Bank yn de problemen komme soe. Tagelyk waard ôfpraat dat de Rabobank de mooglikheid krije soe de Friesland Bank oer te nimmen.
Dy oername soe plakfine as it eigen fermogen fan de Friesland Bank ûnder in bepaalde ûndergrins sakje soe. Oare partners wiene ek mooglik, mar dy moasten dan ek dy boarch fan 750 miljoen oernimme. Omdat dat frijwol ûnmooglik wie, koe it hast net oars as dat de Rabobank de Friesland Bank oernaam, lykas begjin dizze wike bekend waard.