Wyldemerk yn Harich oanbean as opfanglokaasje flechtlingen

26 okt 2015 - 13:50
  • De trije eigeners fan de Wyldemerk

De eigeners fan Wyldemerk yn Harich, it eardere kampusterrein foar dreech opfiedbere jongerein, wolle de lokaasje oanbiede foar de opfang fan flechtlingen. Yn de bouwurken dy't dêr noch stean, soene sawat 150 flechtlingen opfongen wurde kinne.

De provinsje is noch drok dwaande mei in ynventarisaasje fan opfanglokaasjes en wol oer de Wyldemerk noch neat sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)