Bern ûntwerpe fontein Sleat foar KH2018-projekt

26 okt 2015 - 13:28

Bern fan basisskoalle De Klinkert út Sleat hawwe ûntwerpen makke foar de fontein dy't yn Sleat komt yn it kader fan Kulturele Haadstêd 2018. De keunstners dy't it offisjele ûntwerp foar it 'Alve Fonteinen Pojekt' meitsje sille, hiene dêr spesjaal om frege. Sa wolle se de ynwenners fan Sleat der mear by belûke.

Yn 2018 moatte yn alle alve stêden nije fonteinen komme, mar op de measte plakken betinke de keunstners sels wat der komme moat. Yn Sleat giet it dus efkes oars. De ûntwerpen fan de bern binne de kommende tiid te sjen yn it museum fan Sleat en dêr komme letter dizze wike ek de offisjele keunstners te sjen. De iepening wie moandeitemoarn.

Trefwurden: 
fontein KH2018 sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)