Kompjûterspul tsjin alkohol- en weedferslaving

26 okt 2015 - 12:25

Verslavingszorg Noord-Nederland hat 170.000 euro subsydzje krigen foar ûndersyk nei harsentraining by in drank- of weedferslaving. Undersikers fan VNN hawwe in kompjûterspultsje betocht wêrmei't kliïnten de harsens traine kinne.

De spilers krije plaatsjes te sjen en leare sa om drank en drugs te negearjen. Sa hawwe se minder ferlet fan drank of drugs. It moat benammen de ûnbewuste behoefte oan alkohol of weed ûnderdrukke.

Mei de subsydzje sil VNN it spultsje yn gearwurking mei de RUG op mear as 200 ferslaafden teste. Sy moatte it spultsje earst alle dagen spylje, dêrnei fjouwer dagen yn de wike en dêrnei noch ien kear yn de wike. Njonken dizze test krije de dielnimmers ek noch harren normale behanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)