Jelko van der Wiel stapt per direkt op by SC Hearrenfean

26 okt 2015 - 11:40

Foarsitter Jelko van der Wiel fan Sportklup Hearrenfean stapt per direkt op. Van der Wiel seit dat hy in moaie tiid hân hat by SC Hearrenfean, mat dat it yn it belang fan de klup is dat hy opstapt. Oare minsken stelle harren eigen belang wol boppe dat fan de klup, wêrtroch't it wurk him ûnmooglik makke wurdt, seit er. Hy is dan ek teloarsteld yn in oantal minsken. "Hoe er met mij is omgegaan, verdient niet de schoonheidsprijs", seit Van der Wiel.

It rommelet al langer binnen de Feanster fuotbalklup. It bestjoer is ferdield yn twa kampen; dy fan it deistich bestjoer en it stichtingsbestoer. Van der Wiel wie oant no ta foarsitter fan it earste. Anne Hettinga wie foarsitter fan it stichtingsbestjoer, mar stapte twa wiken lyn op nei bedrigings oan syn adres.  

Van der Wiel hopet dat der in nije wyn waaie sil by SC Hearrenfean en dat de rêst weromkeare sil op bestjoerlik nivo. Hy jout oan beskikber te bliuwen foar de klup, as dat nedich is: "Mocht ik in de toekomst ergens mee kunnen helpen, ik blijf beschikbaar voor de mooiste club die er bestaat. En voor wat betreft sc Heerenveen: "Wat bûgje kin, sil nea brekke!", sa seit Van der Wiel. 

In wiidweidiger ferslach fan de parsekonferinsje is te finen op de webside fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)