Heger berop yn saak yllegale seehûne-opfang

26 okt 2015 - 09:02

It Iepenbier Ministearje giet yn heger berop yn de saak oer it yllegaal opfangen fan seehûnen. Dat meldt advokaat Tjalling van der Goot op twitter. Twa wiken lyn hat de rjochter besletten om twa manlju út De Trieme en Spijk net te ferfolgjen. De twa binne âld-meiwurkers fan seehûnekresj Pieterburen, mar binne it net iens mei de wize fan opfang.

It duo hat dêrom sels seehûnen fersoarge, mar dat mei net neffens de wet. Dat mei allinnich by sertifisearre opfanglokaasjes. It duo wie neffens de rjochter wol skuldich, mar waard net ferfolge.

Dat komt omdat yn de wet ek stiet dat der in soarchplicht is foar bisten yn need.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)