Auto te wetter by Trekwei yn 'e buert fan Wâlterswâld

25 okt 2015 - 17:06
  • Ien fan de auto's bedarre yn it wetter fan de Trekfeart

By in oanriding tusken twa auto's op de Trekwei by Wâlterswâld is sneintemiddei in auto's yn it wetter rekke. Nei alle gedachten woe in bestjoerder de Trekwei oerstekke en hat er de oare auto oer de holle sjoen. In botsing wie it gefolch.

Meardere ambulânses waarden oproppen nei it plak fan it ûngelok. Trije minsken binne yn alle gefallen nei it sikehûs brocht. Dêrby is ek in berntsje dat yn de auto siet dy't yn it wetter rekke. Hoe't de minsken dy't yn de auto sieten, der oan ta binne, is net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)