Jild ferbou hast binnen

06 apr 2012 - 19:47

It liket hielendal goed te kommen mei de grutskalige ferbouwing fan it iistidemuseum yn Bûtenpost. Fan de 67.000 euro dy't der mei jeften byelkoar brocht wurde moat, is al mear as 50.000 ophelle. Mear as tachtich bedriuwen yn de omjouwing hawwe saneamde sertifikaten kocht wêrmei't se de ferbou stypje.

De ferbou bart foaral yn it winterskoft. De ferwachting is dat it fernijde museum takom jier april de doarren iepenje kin foar de besikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)