Bouwmeester as 3e nei finale

06 apr 2012 - 19:45

Marit Bouwmeester giet sneon op Mallorca as tredde de medaljerace yn. Dan sile de bêste tsien fan it klassemint de finale. De sylster út Warten waard freed yn har Laser Radial yn de njoggende race fjirde en krige yn de lêste wedstriid in diskwalifikaasje troch in te betide start. De Spaanse Alicia Cebrian is de liedster mei 36 punten foar Evi van Acker fan België mei 46 punten. Marit Bouwmeeester hat 51 punten.

Pieter-Jan Postma helle yn de Finn de finale net, mar hie freed wol syn bêste dei. Hy wûn race njoggen en waard fjirde yn de lêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)