Finalisten Ljouwerter Kabaretfestival bekend makke

25 okt 2015 - 16:00
  • Ljouwerter Kabaretfestival

Dennis van Aalst, Jerûn Dreves en Kevin van Kalkeren stean yn de finale fan it Ljouwerter Kabaretfestival. Dat wurdt op 7 novimber hâlden yn skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. It is de fjirde edysje.

De winner fan de publykspriis en de sjuerypriis meie in kear optrede yn de Ljouwerter skouboarch. Klaas Prins presintearret de finale. Hy wûn ferline jier de publykspriis fan it kabaretfestival yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)