Opfriskursus foar minsken dy't rydbewiis al wat langer hawwe

25 okt 2015 - 14:15
  • Rydbewiis

De Stichting Bevordering Verkeerseducatie hâldt yn desimber op 'e Jouwer in ferkearskursus foar minsken dy't al wat langer it rydbewiis hawwe. It giet om de kursus Bijtanken en Oppoetsen. Doel is om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen.

De kursus wurdt jûn troch rydynstrukteurs. Sy prate de dielnimmers foaral by oer de nije ferkearsregels fan de lêste jierren. De kursus bestiet út trije byienkomsten fan elk trije oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)