Grindwei yn Wolvegea twa moanne earder klear as ferwachte

25 okt 2015 - 11:59
  • De Grindwei yn Wolvegea sa't er wie

De werynrjochting fan de Grindwei yn Wolvegea is twa moanne earder klear as tocht. De dyk is wer iepensteld foar it ferkear, wylst de ferwachting wie dat it pas ein dit jier wurde soe.

It rioel fan de Grindwei is fernijd, der is nije bestrjitting kaam en de stoepen binne fernijd. Fierders binne der oan beide kanten fan de strjitte parkearplakken kaam. De wurksumheden hawwe sawat in miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)