Nederlânske turnfroulju nei finale WK en Olympyske Spelen

25 okt 2015 - 00:08
  • Argyffoto Lisa Top

Turncoach Gerben Wiersma fan Grou is der mei de Nederlânske turnfroulju op it WK yn Glasgow yn slagge om direkte pleatsing foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro ôf te twingen. Yn de kwalifikaasje fan de teamwedstriid kamen Lieke en Sanne Wevers, Tisha Volleman, Eythora Thorsdottir, Mara Titarsolej en Lisa Top op in prachtich totaal fan rom 222 punten. Dêrmei waard de ploech achtste, genôch foar de finale fan tongersdei en foar Rio. It is foar it earst sûnt de Spelen fan 1976 yn Montreal dat de froulju fan Nederlân wer meidwaan meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)