Foppe syn SC Hearrenfean pakt punt yn Tilburg

25 okt 2015 - 00:05
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan hat as ynterim-trainer fan SC Hearrenfean syn earste punt binnen. Yn Tilburg spile syn ploech mei 2-2 lyk. Yn 'e earste helte skoarde Richairo Zivkovic de 1-0 foar de Tricolores. Slagveer en Thern krigen beiden in grutte mooglikheid op de lykmakker, mar slaggen der net yn. Yn 'e twadde helte spile Hearrenfean better en kaam it fia Henk Veerman op likense hichte. Hearrenfean waard sterker, mar dochs wie it opnij Willem II dat op foarsprong kaam fia Andersen. Fiif minuten letter soarge Luciano Slagveer foar de lykmakker.

Krekt foar de ein miste Stijn Wuytens noch in strafskop. Fia de fingertoppen fan Erwin Mulder en de peal gie de bal njonken de goal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)