Earste winst basketballers Aris nei ferlinging

24 okt 2015 - 22:09

Aris hat de basketbalwedstriid yn de ekstra tiid tsjin Amsterdam mei 86-82 wûn. Yn sporthal It Kealledykje waard it in hiele spannende wedstriid. Healwei stiene de Ljouwerters op foarsprong: 43-36. Nei in min tredde kwart moast de ploech yn de efterfolging. Dat slagge krekt op tiid. Mei 70-70 begûn de ferlinging. Doe pakte de ploech fan coach Michael Schuurs de earste winst fan it seizoen. Javier Duren wie mei 31 punten de grutte man by Aris.

Trefwurden: 
basketbal Aris Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)