Keunstwurk 'Sitweach' op fernijde Merk yn Burgum ûntbleate

24 okt 2015 - 17:47

Burgum hat der in nij keunstwurk by. It waard sneontemiddei ûntbleate troch wethâlder Houkje Rypstra. It giet om in bankje mei de namme Sitweach, makke troch Martin Borchert út Grinslân. It bankje stiet op de fernijde Merk. It liket op in weach as in ferwizing nei it wetter dat yn Burgum en omkriten te finen is. Der binne ek 'beameilannen' mei dichtrigels fan Elske Kampen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)