Megakryststâl út Ferwert giet nei Dickens Fair yn Deventer

24 okt 2015 - 15:19

Twa manlju út Ferwert hawwe nei eigen sizzen de grutste kryststâl fan Europa. Roel den Dulk en Fred van der Zwet meie dit jier mei de kryststâl nei de 25e edysje fan de Dickens Fair yn Deventer. De kryststâl hat 1550 byldsjes. Wat begûn as in hobby is no in goed rinnende útstalling met tûzenen besikers. De Ferwerters reizgje mei it diorama it hiele lân troch.

Roel en Fred sykje noch plak yn Ljouwert om yn 2018 mei te dwaan oan Kulturele Haadstêd fan Europa. It gebou moat de grutte tentoanstelling wol bergje kinne.

Belangstellenden kinne sjen op www.kerststalinfriesland.nl. Dêr is ek te sjen hoe de kryststâl mei it jier grutter wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)