Pereira moat operearre wurde fanwege skuorde achillespees

24 okt 2015 - 13:40

SC Cambuur-spiler Marlon Pereira hat sneontemoarn de achillespees ôfskuord. By de lêste training foar it treffen mei ADO Den Haag fan sneintemiddei gie it mis.

Pereira moat troch syn blessuere de wedstriid tsjin ADO misse. Hy wurdt moandei operearre. Hoelang oft er net spylje kin, is noch net dúdlik. Nei alle gedachten is er moannen útskeakele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)