Autobestjoerder út Grou pakt mei fierste folle drank op

24 okt 2015 - 12:48
  • Autoride ûnder ynfloed

In 45-jierrige autobestjoerder út Grou is syn rydbewiis freedtejûn kwytrekke. De Grouster waard op de Stasjonswei yn syn wenplak oanhâlden. Nei in blaastest die bliken dat er fierstente folle dronken hie.

Njonken it kwytreitsjen fan syn rydbewiis, moast de Grouster in iepensteande boete betelje fan goed 100 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)