Flechtlingen nimme ôfskie fan Frjentsjer

24 okt 2015 - 17:25

De 160 flechtlingen dy't de ôfrûne dagen yn sporthal De Trije yn Frjentsjer sitten hawwe, binne sneon oerbrocht nei fiif oare lokaasjes. It wie foar de flechtlingen en de frijwilligers in emosjoneel ôfskie. De gemeente moast noch eefkes puzelje om de flechtlingen goed te ferdielen oer de fiif bussen. Guon famyljeleden en kunde drigen útinoar helle te wurden. De measten binne nei Krimpen aan den IJssel gien. Sy kinne dêr yn alle gefallen in pear moanne bliuwe. De oaren gean nei Ljouwert, Alphen aan den Rijn, Ter Apel en Oud-Beijerland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)