Winkeldief Ljouwert pakt troch befeiliger en plysje

23 okt 2015 - 19:31

Mei help fan omstanners en in befeiliger hat de plysje yn Ljouwert freedtemiddei in 31-jierrige winkeldief oanhâlden. It giet om in man sûnder fêst wenplak. Meiwurkers fan in parfumery oan de Nijstêd seagen dat de man in pear fleskes rûkersguod meinaam sûnder te beteljen. De man naaide út op in fyts.

In befeiliger gie achter de man oan en hâlde de plysje op de hichte wêr't de winkeldief wie. Twa plysjebikers hâlden de fertochte yn de Willem Sprengerstrjitte oan. Hy hie de stellen fleskes noch by him.

Op it plysjeburo die bliken dat de man noch 21 dagen selstraf iepen stean hie.

Trefwurden: 
winkeldief Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)