Goed jier foar ôffaloven

06 apr 2012 - 16:28

Offalferwurker Omrin sjocht posityf werom op it earste jier fan de ôffaloven yn Harns. Neffens Omrin is der troch de ûne yn it ôfrûne jier al aardich wat minder CO2 de loft yn gien. Ek soe it ferwurkingstaryf foar gemeenten no al leger wêze as by de beslútfoarming yn 2007 foarsteld waard. Yn de ôfrûne tolve moanne is der mei-inoar 213.000 ton net werbrûkber ôffal ferwurke.

De fergunde kapasiteit leit op 228.000 ton. Om't de oven noch yn in opstartfaze sit is Omrin tefreden mei dat resultaat.

Fan nije wike ôf sil de ôffaloven trije wike stopset wurde. Dit wurdt dien om in ynspeksje út te fieren. Ek sil der ûnderhâld plakfine. De oven moat stopset wurde om't ferskate wurksumheden net dien wurde kinne as de oven yn bedriuw is. It giet om plande wurksumheden. De ferwachting is dat de REC yn it earste wykein fan maaie wer yn gebrûk naam wurde kin. It stopsetten fan de oven falt gelyk mei in stop by Frisia Sâlt, dy't de waarmte fan de oven ornaris ôfnimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)