Utstjoerburo yn Smellingerlân beboete foar oertredings

23 okt 2015 - 17:44

In útstjoerburo yn Smellingerlân is ien fan de 117 buro's dy't lanlik trappearre binne nei in melding by it Meldpunt Malafide Uitzendbureaus. By de organisaasje kamen de lêste jierren 2000 meldingen binnen. It giet om it oertreden fan de frjemdlingewet, it net hâlden oan it minimumlean en minne arbeidsomstannichheden.

By 89 útsjoerburo's binne oertredings konstatearre, wêrnei't de ynspeksje sosjale saken en wurkgelegenheid boetes útdielde en it buro tydlik slute. By 28 útsjoerburo's binne swiere oertredings konstatearre.

Dêrop is strafrjochtlik ûndersyk ynsteld. De measte malafide útstjoerburo's sitte yn Den Haach, folge troch Rotterdam en Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)