'Fergunnings DIFDD wiene goed'

dyndoarp
Der wie neat mis mei de fergunnings foar tv-programma Doch it foar dyn doarp, tongersdei yn Gerkeskleaster Strobos, ek al skriuwe guon media dat de boel net yn oarder wie. Dat seit doarpsbelang fan Gerkeskleaster-Strobos. Ek in demonstraasje mei motors paste binnen de fergunning.
Dat seit bestjoerslid Ernst van Raalte, neidat hy de papieren nochris goed besjoen hat. Tongersdei hâlden trije racemotors in demonstraasje, wêrby't twa motors opinoar botsten. Twa motorriders rekken hjirby ferwûne.
It programma Doch it foar dyn doarp giet freed om healwei fiven fierder yn oanpaste foarm. Mei ien fan 'e motorriders wurdt dan ek weromsjoen op it ynsidint.