Boargemaster Veenstra tefreden oer opfang Frjentsjer

23 okt 2015 - 15:02

Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel sjocht mei in goed gefoel werom op de needopfang fan flechtlingen yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. Nei alle gedachten giet de groep moarn nei in nije lokaasje, mar Veenstra jout oan dat hy ferwachtet dat der yn de takomst nochris in berop op syn gemeente dien wurdt foar de opfang fan flechtlingen.

Yn in blog op de webside fan de gemeente seit Veenstra tank oan alle belutsenen dy't der foar soargje dat alles goed ferrint. Der binne neffens Veenstra in soad aktiviteiten hâlden.

Der binne sportaktiviteiten en spultsjes foar de bern organisearre. Ek hat in groep fan 40 flechtlingen Nederlânske les krigen. Veenstra neamt de útlittingen fan tsjinstanners fan opfang yn Steenbergen earder dizze wike ''ûnbegryplik en ferwerplik".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)