Udo D. nimt Amsterdamse strafadvokaat Plasman yn de earm

23 okt 2015 - 12:22

De Amsterdamse strafadvokaat Peter Plasman en syn kantoargenoat Esther Van der Zee sille Udo D. fertsjintwurdigje. De 38-jierrige Udo D. wurdt derfan fertocht moandei in frou mei geweld om it libben brocht te hawwen. Ek soe hy earder dy dei in oare frou mei in mes ferwûne ha en twa oare froulju bedrige ha.

Plasman en Van der Zee wolle ynhâldlik noch neat oer de saak kwyt.

Peter Plasman wie earder de advokaat fan it 'gangersduo' Antonio van der P. en Enise B. Dit twatal luts neffens justysje yn febrewaris 2014 in spoar fan geweld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)