Flinke wizigings Foppe de Haan yn opstelling Hearrenfean

23 okt 2015 - 12:08
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan fan SC Hearrenfean goait it roer drastysk om yn de wedstriid tsjin Willem II sneon. De ynterim-coach hat freed op de training ferskate opmerklike wizigings trochfierd yn de mooglike opstelling.

Lucas Bijker, Jordy Buijs en Branco van den Boomen bygelyks. Sy stiene ûnder oanfiering fan Dwight Lodeweges noch yn de basis alve, mar begjinne sneon nei alle gedachten op de bank. Morton Thorsby makket syn rentree op it middenfjild fan SC Hearrenfean.

Oanfierder Joey van den Berg skoot in liny nei achteren. Hy sil tegearre mei Kenneth Otigba de ferdigening op him nimme. Ek Jerry St. Juste sil tsjin Willem II yn de basis begjinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)