Grut gaslek oan de Mearsloatswal yn Dokkum

23 okt 2015 - 11:37

Der wie freedtemoarn in grut gaslek oan de Mearsloatswal yn Dokkum. By graafwurksumheden is in haadlieding fan it gasnetwurk rekke. De brânwacht wie gau te plak en hat in stik dyk om it lek hinne ôfsetten.

Meiwurkers fan it gasbedriuw hawwe it lek wer tichtmakke. Der wie gjin gefaar foar omwenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)