Beide direkteuren Noorderbreedte stappe op

23 okt 2015 - 11:21

De beide direkteuren fan soarchynstelling Noorderbreedte stappe op. Se meitsje plak foar in nije koers fan de organisaasje. Dit nei oanlieding fan it ûndersyksrapport dat in skoftsje lyn holden is ûnder de meiwurkers. Dêrút die bliken dat der in soad ûnfrede is by it personiel oer de wurksituaasje.

De beide direkteuren krije wol oar wurk binnen de organisaasje. Neffens tydlik direkteur-bestjoerder Jos Bleijenberg moat Noorderbreedte as organisaasje platter en mear fleksibel wurde.

Ek moat der mear romte komme foar selsstannichheid fan de ferskate lokaasjes en de teams dy't dêr wurkje. Bleijenberg wol de kommende moannen mei de meiwurkers deroan wurkje om wer bining te krijen tusken de organisaasje en de meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)